teaterduo

Spesjaal projekt: Kommersjeel 2.0

Het was GEWELDIG! - Wy ha sa bot lake…

25 jier Klún & Knoffelhakke

Spesjaal foar ús freonen fan it CNV ha wy foar harren regiojûnen fan 2024 yn de Joure, Oerterp en Dokkum de sjo Kommersjeel 2.0 ynstudearre. De trije jûnen wiene in grut sukses! Folle sealen en entûsjaste reaksjes.


Kommersjeel 2.0 is foar belangstellenden noch in kear opfierd op 1 maart 2025 yn in fol teäter Sense yn Dokkum. Ek hjir wer entûsjaste reaksjes fan in hearlik publyk!


Fan Facebook:

 Quote Left Klún en Knoffelhakke geane kommersjeel. Wy ha ús sneon de búsen tskuort. Jim wiene wer top mannen! Tige tank foar in heerlijk júntsje laitsjen!!!  Face Grin Hearts enthousiast met Johannes bij Sense Dokkum


Het was weer een pracht avond bij Klun en Knoffelhakke in Sense Dokkum. Prachtige onbezorgde humor. Broer en Hendrik, bedankt.


We hebben weer genoten KenK!


Wij sluiten ons graag aan bi de woorden van Harry ook wij hebben enorm genoten van jullie humor, de improvisatie, het was in 1 woord TOP!

 Quote Right

De sjo kin ek boekt wurde…





1994 - 1999

1996 - 1999

2001 - 2003

2003 - 2006

2007 - 2009

2010 - 2013

2013 - 2016

Klún en Knoffelhakke geane kommersjeel

Hjitte Koop en Johny 

echte juppen op't toaneel

Earrekrûper Dikke Wille 

ha wy no

Wurdt in grut spektakel 

en in kommersjele sjo

 

Boppesteande rigels sjonge Klún & Knoffelhakke yn it iepeningsnûmer fan harren programma ‘Kommersjeel 2.0’. It duo, no op de planken as Koop Krûper en Johny Ear, hat in koffer fol jild. Koop en Johny witte der wol rie mei, jild moat rôlje, dat de twa mannen sette útein mei in hiel nij projekt, passend yn dizze tiid. Se begjinne in nije kommersjele omrop: Earrekrûper Dikke Wille bv. as koartsein: K&K. 

 

Mar it docht bliken dat it net sûnder tûkelteammen giet. It falt net ta, in kommersjele stjoerder yn’e loft te hâlden. Koop en Johny besykje der alles oan te dwaan om de kyksifers omheech te krijen. Drama, reality, medysk, foar de lytsen en net te ferjitten in spultsjeprogramma. Mar dan is it kofferke leech… betsjut dat it ein fan dit ambisjeuze projekt?

 

Hoe’t it krekt ôfrint mei K&K kinne wy fansels net sizze, dat moatte de taskôgers sels mar meimeitsje by ‘Kommersjeel 2.0’ fan it Hantumer teaterduo Klún & Knoffelhakke.

 

Foto’s op dizze side binne fan: Jaap de Boer

teaterduo

Boekingen en ynformaasje: ynfo@klun-knoffelhakke.nl - (06) 22893066

Website makke troch: www.vanderhei.de - 2025 - Privacy