teaterduo
Foar boekingen binne jo op it goeie plak!
Wy kinne wer spylje!
Wy spylje dan foar jimme show nûmer 8, Dikke Maten. Wy binne midden yn ’t spul ophâlden en wy wiene eins noch net klear mei de spyllist.
En wy binne dwaande mei it opsetten fan show 9! De repetysjes binne begûn, mar in premiêredatum is noch net prikt. Hâld dizze side dêrom yn ‘e gaten!
Dik ynoarder - In oanrieder - It wie super!
‘Het is een prachtig stel, wat een humor als je niet bent geweest heb je echt wat gemist…’
Ynformaasje
Klún & Knoffelhakke binne dwaande mei harren 8-ste sjo!
1994 - 1999
1996 - 1999
2001 - 2003
2003 - 2006
2007 - 2009
2010 - 2013
2013 - 2016
2017 -
De programma’s…
De programma's fan Klún en Knoffelhakke út Hantum litte harren it bêste omskriuwe as typkesteater, wêryn it publyk ek net fergetten wurdt.
Klún en Knoffelhakke besykje der in sjo fol mei nuvere typkes en frjemde foarfallen fan te meitsjen. Al dy frjemde fûgels ha op ien of oare wize te krijen mei in nuveraardich ferhaal, in reade tried, dy't Klún & Knoffelhakke altyd yn harren foarstelling besykje te stopjen.
It duo hat eins mar ien doel:
De minsken in noflike jûn besoargje!
As jo fanôf 1994 tegearre op ‘e planken steane, dan kin it hast net oars as jo binne dikke maten wurden.
Mar… Hoe moatte wy dat lêze? Wat bedoelt it duo mei dikke? Sille wy dat dan mar oan de taskôgers oerlitte?
It programma lit him it bêste omskriuwe as typkesteater, wêryn it publyk net fergetten wurdt. En dochs is der in reade tried, mar besykje dy tusken alle wille troch mar ris te finen…
Dikke Maten is de 8-ste show fan it Hantumer teaterduo.
Dikke Maten gie op 16 septimber 2017 yn premiêre yn in fol teater Sense yn Dokkum.
De mooglikheden…
Klún & Knoffelhakke spylje harren jûnsfoljende programma ‘Dikke maten’ fan krapoan 2 oeren mei 1x skoft. Wy komme dan mei 4 man ynklusyf dekor, lûd en ljocht. Allinne mar op jûntiid.
Boppadat…
Spylje Klún & Knoffelhakke ek oanpaste programma’s ûnder de namme ‘Poekerje’. De lingte fan dit programma is yn oerlis. Tige geskikt foar middeis en/of even der by…
Wy komme dan mei syn 2-en. Nimme dan wol ús eigen lûd mei…
Us technyk…
Harry Greydanus fersoarget sûnt it fjirde programma de technyk by ús jûnsfoljende sjo’s. Gerard Douma is sûnt ús achtste show oan ús team tafoege..
As echte lûds- en ljocht hobbyïsten binne dizze mannen achter de knoppen hielendal yn harren elemint.
teaterduo
Boekingen en ynformaasje: ynfo@klun-knoffelhakke.nl - (0519) 571810
Wêr is (wie) Dikke maten te sjen…?
2021
30 oktober
2022
14 jannewaris
18 maart
28 maart
6 april
14 mei
18 maaie
23 maaie
10 juny
30 juny
9 july
22 augustus
3 septimber
9 septimber
1 oktober
7 oktober
28 oktober
19 novimber
15 desimber
2023
20 april
20:00 oere
20:00 oere
20:00 oere
14:00 oere
20:00 oere
14:00 oere
20:30 oere
20:00 oere
20:00 oere
20:00 oere
20:00 oere
20:00 oere
20:00 oere
10:00 oere
20:15 oere
14:00 oere
20:00 oere
20:00 oere
14:00 oere
20:00 oere
Sondel (besletten)
Frentsjer (útsteld - besletten)
Ternaart (besletten)
de Gerdyk (besletten)
Boalsert (besletten)
Sondel (besletten)
Hearrenfean (besletten)
Harns (besletten)
Blije (doarpsfeest)
Hantum (doarpsfeest)
Surhústerfean (besletten)
Boelensloane (spulwike)
Boalsert (besletten)
de Tynje (besletten)
Kollumersweach (besletten)
Blije (besletten)
Holwert (iepenbier: de Ynset)
Damwâld (besletten)
Donkerbroek (besletten)
Burgum (iepenbier: de Pleats)
Bywurke: 23-05-2022
Media
De multimediapeal út It is de boer allikefolle….
Fan ús CD ‘In bealchfol wurk…’ (útferkocht)
Publikaasjemateriaal
De poster fan Dikke maten:
Foto’ s om te brûken:
Makke troch Jitske Monsma
Foto 2
Foar programmaboekjes ensfh.
En jimme kinne ek noch even troch even troch ús gasteboek blêderje…
Gasteboeken fine wy hast net mear op ynternet, alles giet fia Facebook,
mar troch al dy jierren hinne ha wy al hiel wat reaksjes sammele yn ús boek…
Hjir samar wat willekeurige reaksjes fan Facebook:
Nee jullie waren geweldig fantastische avond gehad bedankt!!!!
Nog even bijkomen van een prachtige avond met Klún & knoffelhakke…
Hie jimme nog nea meimakke, mar ’t wie hartstikke moai…
Jaah geweldig…
Hun nieuwste theatershow bestaat uit een gezellige afwisseling van dolkomische scènes.
Weer een prachtige avond gehad. En wat hebben ze weer een mooie show neergezet.
Mei harren program Dikke maten soargjen hja foar in hiele bult wille by it publyk. Winterjûnenocht sa’t dat yn de bêste tradysje bedoeld is…
We ha een hiele mooie gesellige joun hawn. Wat hearlyk om es even lekker te laitsjen. Goed dien mannen!!
Kontakt / Boekingen
Website makke troch: www.vanderhei.de - 2022 - Privacy